Dutch Solar Challenge makket pitstop op Ofslútdyk

De Dutch Solar Challenge, de race mei boaten dy't farre op sinne-enerzjy, komt moandei nei Fryslân. Yn kolonne sille de 35 dielnimmers fan Wieringerwerf ôf oer de Ofslutdyk nei De Lemmer. By Koarnwertersân wurdt in pitstop makke om, yn gearwurking mei it inisjatyf De Nieuwe Afsluitdijk, omtinken te freegjen foar it belang fan duorsume enerzjy.
Dit jier wie de start fan de race foar de twadde kear bûten ús provinsje. Yn de Amsterdamske grêften sette de race sneon útein.
Op De Lemmer is moandeitemiddei in prolooch. Basisskoalbern kamen op it strân yn aksje. Sy hiene op skoalle miny-sinneboaten boud, fan plestik of piipskom. De boaten bliuwe oant tiisdei op De Lemmer, dêrnei sille se fierder nei Drachten en Grou. De finish fan de Dutch Solar Challenge is sneon yn de Prinsetún fan Ljouwert.