Kollum: "Voutje bedankt"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Ofrûne freed krige ik in push-berjocht fan de Omrop oer de fjirtjin studinten fan de Friese Poort yn Drachten dy't harren eksamen op 'e nij meitsje moatte fanwegen in flater fan de skoalle. It berjocht slingere my werom nei it jier 2002, doe't ik yn de fjirde klasse fan it ateneum siet en myn skoalle ék in flater ûntduts.
Om by it begjin te begjinnen: ik wie eartiids it braafste famke fan de klasse. Ik wie moarns op tiid op skoalle, spijbele eins nea en hie altyd netsjes it húswurk makke. As klassegenoaten yn de kantine swarden en swetsten dat se it grammatikaboek fan Frâns net iepen hân hiene foar it proefwurk, wie ik sa’n famke dat rôp dat ik ék net leard hie. Wylst ik stikem thús fansels alle wurdsjes stampt hie en dus kreas in acht helle. In brave nerd, dat wie ik.
Dus doe't ik yn it fjirde jier samar ynienen troch de konrektor út 'e klasse helle waard, skrok ik my de pleuris. Ik wit noch krekt hoe't it gong. It wie yn in les wiskunde en samar ynienen stuts de segrinige kop fan de konrektor om de hoeke fan de doar. It iennige wat er sei wie 'Nynke van der Zee? Meekomen.' Myn klassegenoaten gnize fansels, want ein-de-lik hie dat brave famke dan ek ris wat stouts dien. Op de gong seach ik alle kopkes yn de klasse nijsgjirrich troch it rút koekeloeren om te sjen wat der barre soe. Mar der barde neat. Ik moast meirinne, sei de konrektor en folge him as in mak lamke troch de lange gongen.
Uteinlik kamen wy by syn hokje. Dêr mocht ik sitten gean. En doe kaam it hege wurd der út. Ik hie al in healjier gjin ekonomy hân en dat hie wól moatten. In flater fan de skoalle. Se wiene my ferjitten. Sa simpel wie it. De wurden klotsen my yn 'e earen. 'Nee, mar ik ha it profyl CM keazen', sei ik. 'Dus ik ha gjin ekonomy mear.' De konrektor skodde stug syn holle. Ek yn it profyl CM siet yn it fjirde jier noch gewoan it fak ekonomy. Mar, sei er ta eintsje beslút. Der wie nóch in learling dy't se ferjitten wiene. Janneke. En lit dat no krekt my bêste freondinne wêze.
En doe foelen alle puzzelstikjes op harren plak. Doe snapte ik samar ynienen wêrom't wy altyd sa folle tuskenoeren hiene. Wêrom’t alle oare klassegenoaten fan CM wól ekonomy folgje moasten. En wêrom’t se altyd sa fernuvere seagen as wy seinen dat wy it fak falle litten hiene. Wy wiene de twa lucky bastards dy’t de dûns ûntsprongen wiene.
Mar doe wie de grutte fraach fansels: hoe no fierder? Skoalle hie ús per slot fan rekken sels net ynpland, dus ús foel neat te ferwiten. Sterker noch: der waarden ús sels ekskuses oanbean. Már, fan no ôf moasten wy ferplichte it fak ekonomy folgje. Dus waarden wy yn in klasse stoppe, krigen noch gau in boek taskood en sukses der mei. Ik ha it twadde healjier twa toetsen makke en helle twa kear in 4,5. Mar op myn rapport oan it ein fan it jier stie in kreas V’tsje fan ‘voldoende’ efter it fak ekonomy. Sjoch, sa wie er dan wol wer, dy noartske konrektor.
Werom nei it berjocht oer de studinten fan de Friese Poort. Sy moatte it eksamen dizze wike op 'e nij meitsje. De skoalle hat witte litten dat se sjen sil oft de studinten kompensearre wurde kinne. Ik stel foar om efter al dy fjirtjin nammen ek mar gewoan in V’tsje te setten. De V fan Voldoende. En fan Voutje bedankt."