Files op A6 by De Jouwer en trein Snits-Starum rydt net

De Jouster rotonde út de loft © Omrop Fryslân
It autoferkear op de A6 by knooppunt De Jouwer moast moandeitemoarn rekken hâlde mei fertraging. Neffens de ferkearsynformaasjetsjinst lei der in auto yn it wetter. Dit soarge foar files.
Ek fertragingen op it spoar. Der rieden sa'n twa oeren lang gjin treinen tusken Snits en Starum. Troch in oanriding waard it treinferkear stillein. Arriva sette bussen yn.