Pealsitters yn Dokkum sammelje 11.000 euro yn foar KiKa

© Twitter, @jumbodokkum
It pealsitten foar KiKa yn Dokkum hat it ôfrûne wykein hast 11.000 euro opbrocht. It evenemint waard organisearre troch supermerk Jumbo Dokkum en duorre 24 oeren non-stop, fan sneontemiddei twa oere oant sneintemiddei twa oere. Oan it pealsitten dienen 15 meiwurkers fan de supermerk mei. Njonken de meiwurkers hawwe ûnder oaren ek sjonger Jelle B, Twadde Keamerlid Lutz Jacobi en boargemaster Marga Waanders meidien.
Foarôfgeand oan it evenemint krigen de pealsitters medysk advys yn sikehûs Sionsberg yn Dokkum.