'Culturele Doodstad' yn aksje tsjin slutingstiden hoareka

Poster Culturele Doodstad © Omrop Fryslân, Alle Faber
Der wurdt moandeitejûn aksjefierd tsjin de oankundige slutingstiden yn de Ljouwerter hoareka. In klup besoarge Ljouwerters mei de namme Culturele Doodstad sil op it Saailân demonstrearje tsjin de oankundige nije tiden wêrop't kafees yn Ljouwert tenei ticht moatte.
Se binne it net iens mei it belied fan de gemeente dat kafees yn guon dielen fan Ljouwert al om 01:00 oere nachts ticht moatte. Dit soe net goed wêze foar it ferskaat oan útgeansgelegenheden yn de stêd en net goed foar it imago fan Ljouwert as studintestêd.
Sinjaal jaan
Se roppe stedsgenoaten op nei it plein te kommen om de gemeente in dúdlik sinjaal te jaan dat se it net mei de plannen iens binne.