Bergsma-en-dy winne keatserij yn Harns

03 jul 2016 - 20:10
  • Dylan Drent, Marten Bergsma en Hendrik Kootstra

De haadklassewedstriid keatsen trochinoar lotsjen yn Harns is snein wûn troch it partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Sy wiene yn de finale mei 5-2 6-0 te sterk foar Peter van Zuiden, Alle Jan Anema en Hans Wassenaar. It partoer Gert-Anne van der Bos, Renze Hiemstra en Steven de Bruin waard tredde. Marten Bergsma waard útroppen ta kening.

Partoer Tuinenga

Yn Kimswert waard de haadklassewedstriid foar froulju wûn troch it partoer Ilse Tuinenga, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia. Se wiene mei 5-5 en 6-4 te sterk foar Sietske Okkema, Sandra Hofstra en Anne Monfils. It partoer Marije Hiemstra, Marte Altenburg en Manon Scheepstra waard tredde. It wie foar Manon Scheepstra de earste wedstriid nei har slimme blessuere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)