Bauke Mollema ûntsnapt oan falpartij yn Tour

03 jul 2016 - 18:26
  • argyffoto

Hurdfytser Bauke Mollema is yn twadde etappe fan de Tour ûntsnapt oan in falpartij. De Ljouwerter kopman fan Trek-Segafredo moast snein yn de sprint berchop yn de remmen knipe, om't er klem riden waard. Boppe-op de Côte de la Glacerie rjochting de einstreek yn Cherbourg-en-Cotentin seach Mollema in mooglikheid foar in goede posysje rjochting de finish. "Maar ik werd toen klem gezet tegen de boarding. Als ik echt risico had willen nemen, was ik daar misschien wel gevallen en daar had ik geen zin in", sei Mollema, dy't dêrom besleat om te remjen.

Topklassearring

De kânsen op in topklassearring wiene dêrmei fuort. "Jammer, de voorste jongens waren toen weg. Balen dat ik niet voluit kon sprinten. Maar ik ben wel blij dat ik de dag goed door ben gekomen en dat mijn benen nog goed waren in de finale. Ik denk ook niet dat ik Sagan had kunnen verslaan, dat is een heel rappe jongen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)