Fjouwer Friezen nei EK finale gersbaan yn Ingelân

03 jul 2016 - 18:16

Dirk Fabriek, Jannick de Jong, Henry van der Steen en Mark Helmhout hawwe harren dit wykein pleatst foar de finale fan it Europeesk kampioenskip gersbaan op 11 septimber in it Ingelske Swingfield. Henry van der Steen en Mark Helmhout diene dat sneontejûn yn de heale finale yn Tayac yn Frankryk. Van der Steen waard tredde, Helmhout sânde. De winst wie foar de Frânsman Mathieu Tresarrieu.

Snein yn it Dútske Mulmshorn gong de winst fan de twadde heale finale nei Dirk Fabriek. Regearjend Europeesk kampioen Jannick de Jong waard tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)