G-kuorballers Oerterp winne goud op Special Olympics

It G-kuorbalteam fan Oerterp is snein earste wurden op de nasjonale Special Olympics yn Nijmegen. Sneon kwalifisearre it team fan beheinde kuorballers him foar de twadde klasse nei't se twa wedstriden wûn hiene en twa ferlern. Snein wûn it achttal twa kear en spilen se ien kear gelyk. Troch dizze útslach mochten de Oerterpers de gouden medaljes yn ûntfangst nimme.