Resten mûne Boerum opromme

27 apr 2012 - 11:44

De lêste brûkbere rêsten fan de mûne fan Boerum wurde freed oprêden. In mûneboubedriuw is dwaande om it te skieden fan it echte ôffal. De mûne baarnde yn it peaskewykein ôf nei't in ploechje jonges bibels yn brân stutsen hie by de mûne.

It is wichtich om it âlde materiaal op 'e nij te brûken om't de mûne dan mooglik wer in monumintestatus krije kin. Mûne De Windlust wie fersekere foar werbou, mar dochs kin de mûne net folslein yn âlde eare hersteld wurde. Foar saken as orizjineel ynventaris is de mûne ôfhinklik fan oare mûnen yn Nederlân.

Op Nationale Molendag oer twa wike sil troch oare mûnen jild ynsammele wurde foar De Windlust. Dêrmei wolle sy ek de lytse details, lykas skilderingen wer yn eare herstelle. It is de bedoeling dat de mûne oer twa jier wer draaie sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)