UPDATE: Automobiliste (73) Twizelerheide ferstoarn

03 jul 2016 - 13:25

It slachtoffer fan it ferkearsûngelok by Twizelerheide sneintemiddei is ferstoarn. De 73-jierrige frou út de gemeente Dantumadiel botste op de Ikewei tsjin in beam. De brânwacht fan De Westereen wie útriden nei it plak fan it ûngelok en ek in traumahelikopter waard oproppen. De automobilist waard nei it sikehûs brocht, mar koe net mear holpen wurde.

It is noch net bekend hoe't it ûngelok barre koe. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)