FIDEO: Sinneboaten race troch de Amsterdamske grêften

De sinneboaten dy't meidwaan oan de Dutch Solar Challenge hawwe snein in sprintwedstriid op it Easterdok yn Amsterdam. Twa oan twa lizze de boaten sa fluch mooglik in ôfstân fan 150 meter ôf. Guon dielnimmers meitsje gebrûk fan draachfleugels. De boat wurdt dan út it wetter tild, sadat se flugger farre kinne en minder enerzjy brûke.
Sneon sette de Solar Challenge útein mei in Parade troch de grêften fan Amsterdam. It is foar it earst dat de start bûten Fryslân wie. Moandei komme de boaten op trailers oer de dyk nei De Lemmer. Dêr farre de 35 boaten út binnen- en bûtenlân middeis wer in race.