Dokumintêre HYLS selektearre foar ARFF festival yn Berlyn

De dokumintêre 'HYLS - Fan Fries nei Ariya' fan filmmakker Halbe Piter Claus is selektearre foar it ARFF festival yn Berlyn. Op it Around International Film Festival wurde films fertoand dy't basearre binne op ferhalen dy't echt bard binne.
De produksje folget Hyls Hiddema (37) fan Weidum, dy't in jier lyn, nei in lange spirituele syktocht, syn yntree dien hat yn it boeddhistyske Ariya Sintrum yn Thailân. Freon en filmmakker Claus socht Hyls op en krige unike tagong ta it Ariya Sintrum.