15-jierrige Pierie debutearret yn it earste fan Hearrenfean

Kik Pierie © SC Heerenveen
De 15-jierrige Kik Pierie fan Ljouwert hat sneon syn debút makke yn it earste alvetal fan SC Hearrenfean. Hy is de jongste spiler ea yn de skiednis fan de klup dy't syn debút makket yn it earste. Yn de oefenwedstriid tsjin Drachtster Boys mocht Pierie nei de tee meispylje fan trainer Jurgen Streppel. It is foar him in dream dy't útkomt sa liet hy nei de wedstriid witte oan SC Heerenveen TV. Kik Pierie hat noch in âldere en in jongere broer, Stijn en Taeke. Dy beide komme ek út foar de A- en C-junioren fan de klup.
De kommende wiken wurdt dúdlik oft Kik Pierie de úteinlike seleksje fan it earste alvetal hellet. Op it stuit bestiet dy noch út goed 30 spilers. Trainer Streppel bringt dat oer in pear wiken werom nei 24 man.