Spanning oer Serious Request

27 apr 2012 - 11:32
  • glêzen hûs

Krijt it fernijde Saailân yn Ljouwert yn 2013 it glêzen hûs fan Serious Request? Freed om kertier foar ienen wurdt it bekend makke op 3FM. De benefytaksje fan 3FM foar kryst is tige populêr. 200.000 minsken kamen der it ôfrûne jier op ôf yn Leiden. Dy joegen tusken de 4 en 6 miljoen út yn 'e winkels en hoareka.

Leiden seit ek dat it imago fan de stêd ferbettere is. It kostet Ljouwert wol hast 2 ton om it evenemint te organisearjen. De Limboarchske stêden Sittard-Geleen en Kerkrade lieten freedtemoarn wite dat sy it Glêzen Hûs net krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)