Briedseizoen fan skries yn Fryslân bliuwt dramatysk

03 jul 2016 - 09:59

De skries hat in dramatysk briedseizoen. Dat seit nei it BFVW ek greidefûgelûndersiker Jos Hooijmeijer fan de Rijksuniversiteit Groningen yn it radioprogramma Vroege Vogels, mei dramatyske sifers oer Súdwest-Fryslân. Neffens him is by net mear as ien op de tweintich skriezepearkes ien jong útflein. De rest fan Nederlân liket it neffens him net better te dwaan.

Predaasje

Ien fan de wichtichste oarsaken binne de rôfbisten, dy't it nei de mûzepleach yn 2014 no op greidefûgels foarsjoen hawwe. Benammen yn de bêste greidefûgelgebieten. Neffens Hooijmeijer is in noch grutter probleem dat der tsjinoer minne briedseizoenen eins gjin goeie mear stean. Der briede nei skatting noch sa'n 30.000 skriezepearkes yn Nederlân. Yn de jierren ´80 wiene dat der noch 100.000.

Minder as de helte útkaam

Neffens de Grinslanner ûndersiker kaam yn it ûndersyksgebiet mar 40 prosint fan de aaien út. De rest is opiten of ûnder meanmasines kaam. Om in stabile populaasje te hâlden soe minstens 60 prosint útkomme moatte. Neffens de ûndersiker is maksimaal 5 prosint fan de skriezejongen útflein.

Lânskip net mear geskikt

It grutte probleem is dat it grutste part fan ús polderlânskip net mear geskikt is foar opgroeiende piken, sa seit de ûndersiker. Der wurdt te betiid meand en der is te min te fretten foar de fûgels.

In pear wike lyn warskôge it Bûn fan Fryske Fûgelwachten al foar dramatyske sifers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)