Robert Bovenhuis wint hurdfytsen yn De Wylp

02 jul 2016 - 22:10

By it hurdfytskritearium yn De Wylp, de finale fan de fiif dagen hurdfytsen Noordenveld-Westerkwartier, is Robert Bovenhuis fan Zwolle sneontejûn earste wurden. Twad wie Justin Timmermans (Hardenberg) en tred Patrick van der Duin (Nieuw-Roden).

It einklassemint fan de fiif dagen Noordenveld-Westerkwartier wie foar Jeff Vermeulen út Exloo. Drachtster René Hooghiemster, freed de winner yn Noordhorn, waard twadde yn dat einklassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)