Plysje warskôget stappers

27 apr 2012 - 10:56

Plysje Fryslân en de Keninklike Horeca Nederlân begjinne meikoarten mei in kampanje om stappers te warskôgjen foar de risiko's fan stellerij. Neffens de plysje hawwe dieven it op stapjûnen en by grutte eveneminten foarsjoen op weardefol guod fan besikers. Stappers tinke dêr faak net goed om, sa seit de plysje. By guon hinget de beurs heal út de broek, froulju hawwe de hântas faak iepen. En sa meitsje je it dieven wol hiel maklik, sa seit de plysje.

Yn de hoareka komme affysjes te hingjen mei de tekst: 'Geef jij nog meer weg dan een rondje?'

De plysje begjint no mei de kampanje omdat der de kommende tiid wer ferskate grutte eveneminten binne lykas it befrijingsfestival, it EK fuotbal, de doarpsfeesten en de Snitswike.

De plysje wol slachtoffers fan stellerij der op oantrune om foaral oanjefte te dwaan, want dat bart yn 'e praktyk noch lang net altiten. Ek is it handich as minsken foto's en searjenûmers bewarje fan harren weardefol guod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)