Crispijn Ariëns wint skeelerjen yn Staphorst mei oermacht

Skeeleneur Crispijn Ariëns út Wolvegea hat sneon yn Staphorst de KNSB Maraton Cup mei oermacht wûn. Yn de finale dûbele hy gewoan de oaren en kaam solo oer de streek. Chris Huizinga waard twad en Alexis Contin tred. Ariëns giet nei dizze oerwinning mei in goed gefoel rjochting it EK yn eigen lân.
By de froulju wûn Annemarie Boer, wenjend op It Hearrenfean, de sechsde wedstriid fan de KNSB Maraton Cup. Yn de sprint fersloech se Ria Westenbroek en Berber Vonk út Appelskea.