Fiif projekten krije stipe út Iepen Mienskipsfûns

02 jul 2016 - 16:33
  • De doarpstún fan Snakkerbuorren

Fiif projekten krije jild, in bonus fan 2018 euro, út it Iepen Mienskipsfûns. Deputearre Kramer oerlange de jildsjeks by it keunstwykein yn Beetstersweach. It fûns is ynsteld om inisjativen te stypjen dy't goed oanslute by Kulturele Haadstêd 2018.

Neffens Kramer is it fûns in sukses. Inisjativen yn de hiele provinsje dy't de leefberens yn wyk, doarp of regio ferbetterje wolle, kinne oanspraak meitsje op in subsydzje. Foar 2016 is 3,6 miljoen euro beskikber steld foar ditsoarte inisjativen.

De winnende projekten binne: markante mannen fan Skiermûntseach dy't har ferhaal fertelle, behâld ytkafee ’t Hoekje yn Ferwert, edukaasje- en moetingssintrum Doarpstún Snakkerbuorren, Wynjewâld Enerzjy Neutraal en Natuermoetingstún Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)