Poging ta deaslach yn Nijlân

27 apr 2012 - 10:39

De plysje hat tongersdei yn de Ljouwerter Curaçaostrjitte in Ljouwerter (23) oanhâlden op fertinking fan poging ta deaslach. De man hie spul mei in man út Swolle (29). By it skeel hie de Ljouwerter de freondinne fan it slachtoffer fêstpakt. Doe't de man út Swolle har befrije woe, besocht de Ljouwerter de man ferskate kearen te stekken mei in mes. De freondinne wist har sels letter los te meitsjen.

Neffens de plysje giet it om in konflikt yn de relasjonele sfear. De plysje hat de fertochte oanhâlden en ynsletten op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)