PvdA-lieder Samsom praat yn Sint-Anne mei achterban

De earste stap foar it tichtsjen fan de kleau tusken de Haachske polityk en de regio is set. Yn Sint-Anne kamen krityske Fryske PvdA-ers en Samsom sneon by mekoar om it petear oan te gean.
Earder dizze wike diene krityske leden fan de PvdA in oprop nei de partijtop om better te harkjen nei de achterban. Oanlieding wie it bernepardon, dêr't neffens Fryske leden de PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer te min oan lûke soe.
Krityk
De leden fine dat de partij syn sosjaal-demokratyske woartels oan it ferliezen is. De PvdA-lieder lûkt him de krityk bot oan en erkent it lûd fan de kritikasters. Hy sjocht yn dat er hurder wurkje moat om it boadskip goed oer te bringen. Der wurde op it stuit goede resultaten helle, mar dat oerbringe slagget net.
PvdA-steatelid Hetty Jansen is ien fan de krityske leden. Se is bliid dat Samsom de tiid naam hat nei har stânpunten te harkjen. Dochs binne se noch lang net útpraat. De groep wol op koarte termyn wer om tafel mei Samsom. Se wolle sjen hoe't se derfoar soargje kinne dat it sosjaal-demokratyske boadskip fierder ferbettere en útlein wurde kin. Sa moat de partij wer betrouber wurde.
De Waadhoeke
Samsom wie al fan doel om sneon nei Fryslân te kommen. Hy wie ek by de oprjochtingsgearkomste fan de nije PvdA-ôfdieling De Waadhoeke. Dy komt der fanwege de gemeentlike weryndieling yn Noardwest-Fryslân.