Burgum krijt oar Wetterfront

27 apr 2012 - 10:25

De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hat tongersdei de fyzje op it Wetterfront by Burgum definityf fêststeld. It giet om de ûntwikkeling fan it gebiet súdwestlik fan Burgum. Hjir stiet hiel wat te gebeuren mei ûnder oare de komst fan de Sintrale As en in nije brêge.

De gemeente wol foaral ynsette op de oanpak fan it park yn Burgum. Allinnich GrienLinks stimde tsjin it Wetterfrontplan. De FNP spruts noch soarch út oer de opsje foar de ûntwikkeling fan in nije wenwyk sjoen de malêze op de wenningmerk.

Trefwurden: 
Burgum Wetterfront Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)