UPDATE: Brêge by Sint-Nyk wer ticht, file lost op

02 jul 2016 - 14:14

In stikkene brêge yn de A6 by Sint-Nyk soarge begjin fan de middei foar in flinke file. De brêge yn de rjochting fan De Jouwer woe in oere lang net mear ticht. Dêrtroch stie it ferkear stil oer in lingte fan sa'n fjouwer kilometer. In diel fan de automobilisten yn de file kearde op de dyk en ried dus as spûkrider werom oer de flechtstrook.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)