Plysje Noard-Nederlân hat kwealik fertrouwen yn de COR

© ANP
De ûndernimmingsried fan de plysje Noard-Nederlân hat kwealik fertrouwen mear yn it deistich bestjoer fan de sintrale ûndernimmingsried fan de plysje, de COR. Ien fan de noardlike leden hat him al weromlutsen út de COR. It orgaan is yn opspraak rekke nei't bekend waard dat de eardere foarsitter, Frank Giltay, tonnen útjûn hat oan snoepreiskes en itentsjes. Freed is in nije tydlike foarsitter keazen. Sy moat it fertrouwen weromwinne de kommende tiid.
Dilemma
De plysjeminsken yn Noard-Nederlân sitte bot mei de saak oan. Edwin Jongedijk, foarsitter fan de noardlike ûndernimmingsried fan de plysje, stelt dat se foar in grut dilemma stean: "Zeg je het vertrouwen op in de COR en stap je eruit, dan ben je ook je stem kwijt. Juist nu is dat niet gepast. Wij zitten nu midden in de vorming van de Nationale Politie. Dat raakt ons allemaal, ook hier. Stappen we er nu uit dan zijn wij ook daar onze stem kwijt. Wij moeten invloed houden".
Jongedijk seit dat se har no beriede op in folgjende stap. Hokker dat is, wit se noch net. Dúdlik is al dat de lanlike, troch de sintrale ûndernimmingsried setten stappen noch lang net fier genôch gean. Sa is der noch in soad gebrek oan refleksje binnen de ried.
Reorganisaasje
De plysje stiet oan it begjin fan in twadde yngripende reorganisaasje, wêrby't de ûndernimmingsried opkomt foar de rjochten fan 65.000 plysjeminsken