Brânende auto op 'e A7, file is oplost

02 jul 2016 - 11:50

In brânende auto soarge sneontemoarn foar file op 'e A7 by It Hearrenfean. De auto fleach troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e brân, flak foar it klaverblêd. De brânwacht fan It Hearrenfean waard oproppen foar it blussen fan de brân, dy koe lykwols net foarkomme dat de auto ferlern gong.

Troch de brân ûntstie der in file fan sa'n trije kilometer, dat kaam ek omdat der fanwege it bluswurk in rydstrook ôfsletten wurde moast. De file wie om ien oere hinne wer oplost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)