Lotting KNVB Beker: Harkemase Boys tsjin Magreb'90

© awfoto.nl
Harkemase Boys moat it yn de foarrondes foar de KNVB Beker opnimme tsjin Magreb'90 út Utrecht. ONS Boso Snits spilet tsjin de winner fan de wedstriid FC Lisse - De Dijk. Dat is it resultaat fan de lotting, dy't sneontemoarn yn Zeist hâlden waard. Beide Fryske klups hawwe har rjochtstreeks pleatst foar de twadde kwalifikaasjeronde fan de KNVB Beker en hoege yn de earste ronde net mear te striden om in plakje.
Nei de twadde ronde streame klups út it betelle fuotbal yn.