Gearwurking kuorbalklups Surhústerfean en Boelensleane

02 jul 2016 - 11:31

De kuorbalferienings fan It Surhústerfean en Boelensleane sille it kommend seizoen gearwurkje. De senioaren fan beide klups komme dan yn mienskiplike teams út. Dat hawwe beide bestjoeren besletten, nei oerlis mei de leden.

De gearwurking komt der om kuorbal foar de regio te behâlden. Ek wolle beide ferienings sa har takomst feilich stelle. By beide kuorbalklups rint it tal leden werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)