Kollum: ''Caparis''

02 jul 2016 - 08:57
  • De Toan fan Eelke Lok

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side http://Eelkesweblok.nl

''Ik sei tsjin de frou: ik moat noch in kollum betinke. Ach ju, Caparis fansels, sei se. Yn de hoop dat ik de brij fan ynformaasje en non-ynformaasje wer rjocht breidzje kinne soe. Wat in betrouwen. Ik kin dat ek net.

Sjú, der stie tongersdei in twa pagina’s grut ferhaal oer yn de Ljouwerter Krante. Wol spannend foar it oare. Ferslachjouwer Atze Jan de Vries wie, nei tink ik wol twahûndert telefoantsjes, útnûge yn it túnhûske fan Robert Veenstra. Dêr wie de stroom útfallen. En it wie al tsjuster. Dus we wit net oft Robert Veenstra, Siem Jansen en Hugo van Woerden dêr echt sieten. Want der waard wol wat sein, mar eins ek hielendal neat. Ja, we witte no dat neffens de Ried fan Kommissarissen in hiel soad minsken net doge binnen en bûten Caparis. Mar wêrom't se net doge wurdt net ferteld. Of dat doarde de ferslachjouwer net op te skriuwen. Want dat kin fansels ek, al leau ik dêr gjin bliksem fan.

En wat noch slimmer is, we heare gjin oare mieningen. Net de skuld fan de krante en de omrop; dy lju wolle of doare gewoan net. Ja de ûndernimmingsried fan Caparis skriuwt sa no en dan in parseberjocht, mar der krij je inkeld it idee fan dat se allegearre mei de hannen omheech stean. Se witte it ek net mear. Mar ik wol wat witte jonges, hoe sit en giet dat dêr. As jimme gjin betrouwen mear ha yn de Ried fan Kommissarissen, wêrom dan net. Wat ha se jimme dan oandien. En dy âld-direkteuren soene ek wolris blaffe kinne. En wêrom wolle de oare kommissarissen Pieter de Kroon net as kommissaris, bin se der benaud foar of sa.  

It is wol aardich dat Hearrenfean en Smellingerlân sein ha gjin betrouwen mear te hawwen yn de Ried fan Kommissarissen. Mar om't de seis oare gemeenten dy’t yn Caparis sitte, dat net sizze, is de saak noch ûndúdliker en betiizjender wurden as derfoar. En as dy seis no ek noch sizze dat Smellingerlân en Hearrenfean wer betrouwen krije moatte yn de kommissarissen, dan ha we noch in lang trajekt te gean. En dêryn falle hieltyd mear slachtoffers. Want troch it gefjocht tusken kommissarissen en wurknimmers sit in kwak direkteuren sabeare siik thús of foar de rjochter. Ljouwerter riedslid Tamara Bok seit dat der mar in ûnôfhinklik mediator komme moat. Leave, dan duorret it trajekt noch jierren en jierren. Want as de kranten en Omrop de ynformaasje net krije kinne, hoe soe in mediator dat dan wol kinne. En de Ljouwerter wethâlder Sjoerd Feitsma ropt neat oars as pappen en nathouden. Nimt gjin echte beslissing earne oer. 

Boppedat leau ik it ferhaal fan Robert Veenstra, de presidint-kommissaris, hielendal net. Dat hy wol opstappe woe, mar dat de oandielhâlders, sis mar de wethâlders dat net tastienen. It kin bêst wêze dat se dat net as oplossing foar de swierrichheden seagen, mar krekt as by SC Hearrenfean yndertiid, wêr dyselde Robert Veenstra ek in gaos skepen hie: elkenien opsoademiterje en wat betters meitsje. Dat moat hjir ek. Dat wit boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean dochs ek noch wol. No ja, hy is ôfheakke, mar likegoed noch wol ferantwurdlik.

Dat binne alle acht gemeenten. Benammen om't it giet oer in groep wurknimmers fan eigen gemeente dy’t yn in folweardich bedriuw net echt mei komme kinne. Want dat ferlieze we dus sa linkendewei út it each hè. En dêrom beskôgje dy wethâlders en kommissarissen de ûndernimmingsried as in ja sis mar ûnderlizzend orgaan, wer’t net tefolle omtinken oan jûn wurde hoegd. It soe goed wêze dat Pieter de Kroon de mûle iepen docht út namme fan dy ûndernimmingsried dy’t him graach kommissaris meitsje wol. En it is dochs idioat dat Hearrenfean en Smellingerlân gjin betrouwen ha yn de Ried fan Kommissarissen, mar wol yn de troch harren beneamde ynterim. Mar dy ha we ek noch net heard. Inkeld fan 'e moarn Andries Ekhart mei in ûnsin mienskips ferhaal.

Myn frou seach oer it skouder mei. Se skodde de holle. It wurdt net dúdliker sei se. Mar lês mar foar. Miskien helpt it.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)