Hurde wyn soarget foar útfallers by Schuttevaerrace

02 jul 2016 - 08:46

Sportivelingen kinne dit wykein wer harren enerzjy kwyt by de jierlikse Schuttevaerrace. De wedstriid, dy't foar de 34ste kear organisearre wurdt, is in wiere útputtingsslach foar de dielnimmers. Dy moatte trije dagen lang sile, hurdrinne en fytse. Yn Starum is de wedstriid freedtemoarn úteinset. De dielnimmers moatte in trajekt ôflizze fia Koarnwertersân, Teksel, Flylân, Harns en Skylge. Tusken sneontejûn en sneintemoarn wurde de sportivelingen wer ferwachte yn Starum.

De dielnimmers hienen sneon dochs wol lêst fan de hurde wyn, tsien fan har moasten dêrtroch opjaan. De Schuttevaerrace is live te folgjen op de webside fan de organisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)