Lieuwe Westra: ''Ik moat fan fier komme''

It giet stadichoan wer wat better mei hurdfytser Lieuwe Westra. Hy hat nei syn oerwinning yn de Belgyske 'De ronde van De Panne' gjin wedstriid mear útriden. Westra hat lêst fan in depresje. Privee hat er problemen, hy is in pear kear fan syn fyts fallen en ien fan syn maten yn it peloton, Stig Broeckx, leit yn koma yn it sikehûs. Fan syn ploech Astana kriget er alle tiid om oan syn werstel te wurkjen. De earste stap dêrfoar hat Westra set.
Dit wykein giet er nei Switserlân om dêr in pear wiken te trainen yn de bergen. It doel is om nei dy hichtestaazje mei te dwaan oan it kritearium yn Surhústerfean.