Grut ferlies Friesland Bank

27 apr 2012 - 09:44

De Friesland Bank hat ferline jier 350 miljoen euro ferlies draaid. Dat docht bliken út de jiersifers dy't freed publisearre binne. It ferlies komt foaral troch it oandiel fan 'e Friesland Bank yn de Van Lanschot Bank. Dat waard flink minder wurdich en dat skeelde de bank 138 miljoen.

Fierder moast 130 miljoen euro ôfskreaun wurde op krediten. De problemen twongen de Friesland Bank om de selsstannichheid op te jaan. In pear wike lyn waard bekend dat de bank oernaam wurdt troch de Rabobank.

Friesland Bank hat mei de reklamekampanjes fan ferline jier wol mear klanten lutsen. Dit levere de bank 1 miljard euro oan sparjild op.

Trefwurden: 
ferlies Friesland Bank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)