Hast helte fan alle nije asylsikers komt yn Noard-Nederlân

01 jul 2016 - 22:24

Hast de helte fan alle nije asylsikers is aanst te finen yn de trije noardlike provinsjes. Dat docht bliken út sifers fan de NOS. Lanlik moatte 20.000 asylsikers opfongen wurde en 9.000 dêrfan komme nei it Noarden. Yn Fryslân moat plak komme foar goed 3.000 asylsikers, ferdield oer seis nije azc's.

Mear lege bêden

Op it stuit is hast in tredde fan de beskikbere bêden yn azc's yn Nederlân leech. It kabinet tinkt lykwols dat dy plakken aanst wol nedich binne, ek al komme der de ôfrûne moannen folle minder asylsikers yn Nederlân as ferline jier. It kabinet hâldt fêst oan de prognoaze fan 58.000 flechtlingen, lykas yn 2015.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)