Drugsdealer oanholden yn Ljouwert

01 jul 2016 - 22:03
  • De drugs dy't fûn waard yn Ljouwert

De plysje hat freed by it trochsykjen fan in wente yn Ljouwert 234 XTC-pillen fûn. Der lei ek 50 gram himp yn it hûs, en twa grutte brokken wêrfan't de plysje tinkt dat it wolris heroïne wêze kin.

De bewenner, in man fan 35 jier âld, waard tongersdei al oanholden, neidat by him yn de auto trije XTC-pillen fûn wienen. De man stiet by de plysje as drugsdealer te boek en dêrom koene se syn auto trochsykje. Dêrby troffen de plysjes ek kokaïne oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)