Aris docht goeie saken

27 apr 2012 - 08:01

Lasaulec Aris hat yn de play-offs de thúswedstryd tsjin Den Bosch tongersdeitejûn mei 91-61 wûn.

De basketballers út Ljouwert spylje yn de play-offs fjouwer wedstriden om de heale finale te heljen. Nei twa grutte nederlagen tsjin Leiden en Den Bosch like it seizoen as in nachtkears út te gean. Troch de winst fan tongersdei binne der wer kânsen. Omdat yn Den Bosch earder mei 21 punten ferskil ferlern waard stiet Aris no boppe de Brabanners. En as Leiden snein wint fan Den Bosch is Aris in ronde fierder.

Trefwurden: 
Aris play-offs Den Bosch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)