60e oerwinning foar trio Van der Bos

De haadklasse frije formaasjepartij op It Hearrenfean is freedtejûn wûn troch Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Yn de finale wienen sy mei 5-2 en 6-2 te sterk foar Enno Kingma, Pieter Jan Plat en Jouke Bosje. It wie de 60e oerwinning foar de formaasje Van der Bos. Presys seis jier ferlyn wûnen sy foar it earst de priis yn dizze gearstalling, ek op It Hearrenfean. Noch nea earder wûn in selde foarmaasje safolle earste prizen. Gert-Anne van der Bos waard kening. Dat wie foar de Mantgumer opslagger ek de 60e keningstitel.