SC Cambuur mei 4-0 te sterk foar DTD yn oefenwedstriid

01 jul 2016 - 21:23
  • SC Cambuur

SC Cambuur hat freed de earste oefenpot fan it seizoen wûn. De Ljouwerters wûnen yn it reinige Jelsum it tradisjoneel earste duel fan it jier mei 4-0 fan de amateurs fan DTD. Martijn Barto iepene yn de 19e minút de score. Dy 1-0 stân bleau stean oant it skoft.

Cambuur begûn goed oan de twadde helte. Yn de 47e minút sette Xander Houtkoop de 2-0 op it scoreboerd. Noch gjin sân minuten letter kopte oanfierder Erik Bakker de 3-0 tsjin de touwen. Sander van de Streek soarge yn de 67e minút foar it fjirde doelpunt en sette de einstân op 4-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)