Sinnedak fan enerzjykoöperaasje iepene yn Slappeterp

01 jul 2016 - 20:29

It earste sinnedak fan in enerzjykoöperaasje yn Fryslân waard freedtemiddei offisjeel yn gebrûk naam. Mei 1.200 sinnepanielen op 'e loads fan ierappelboer Fokke Fokkema út Slappeterp kinne hjirmei 100 oant 150 húshâldens fan elektrisiteit foarsjoen wurde. Belangstellenden kinne dêr trije of mear fan keapje foar eigen gebrûk.

Neffens inisjatyfnimmer Feike Wagenaar fan Enerzjy Kooperaasje Om de Noorderpolder (EKON) binne der al goed 170 sertifikaten reservearre. Jierliks kin hjir sa'n 280 KwH stroom mei opwekt wurde.

Panielen foar elkenien

Wagenaar seit dat de panielen yn earste ynstânsje bedoeld binne foar ynwenners fan omlizzende doarpen, mar dat ek oare minsken út Fryslân meidwaan kinne. "Der moatte sa folle mooglik minsken yn Fryslân profitearje fan de panielen, dus net allinnich de grutte ynvestearders", sa beslút Wagenaar syn ferhaal. De folgjende stap foar EKON is om de loads út te wreidzjen, om sa noch mear panielen biede te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)