Wilma Mansveld waarnimmend boargemaster Tytsjerksteradiel

Wilma Mansveld © ANP
Wilma Mansveld (53, PvdA) wurdt waarnimmend boargemaster yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Se folget Eric ter Keurs op, dy't freed ôfskied naam as boargemaster. Op 29 augustus wurdt se ynstallearre.
Yn oktober stapte Mansveld op as steatssekretaris fan ynfrastruktuer en miljeu. Neffens in parlemintêre enquêtekommisje hie se de Twadde Keamer net goed ynformearre oer de Fyra. Dat is de hegesnelheidstrein dy't tusken Nederlân en België ride soe. Se wie fan 2012 ôf steatssekretaris fan ynfrastruktuer en miljeu.
Mansveld hat ek oardel jier deputearre fan Grinslân west. Dêr wie se ek acht jier lid fan provinsjale steaten. Se wennet noch hieltyd yn Grins.
In delegaasje fan de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel koe kieze út twa kandidaten, dy't beide troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma foardroegen wienen. Dat is de gebrûklike proseduere by waarnimmers, lit in wurdfierder fan de provinsje witte.
Mansveld bliuwt oan salang't der noch net in definitive nije boargemaster is. Nei de simmer start de proseduere om dy te kiezen.