Muzykkoepel Rie feestlik iepene

01 jul 2016 - 19:10
  • De muzykkoepel yn Rie

Rie hat in eigen muzykkoepel boud. De ynwenners fan it doarp woene in sintraal plak hawwe, dêr't se bûtendoar optrede kinne. Dêrop stutsen doarpsbewenners sels de hannen út de mouwen en gienen de ôfrûne moannen oan de slach.

De koepel is freedtemiddei iepene en dat barde fansels mei muzyk. It doarp hopet dat de nije koepel minsken entûsjast makket om sels wat mei muzyk te dwaan.

Mei jild út in mienskipsfûns en troch help fan ferskate sponsoaren út it doarp is de nije muzykkoepel bekostige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)