Polderhoofdkanaal iepene foar rekreaasjefeart

01 jul 2016 - 18:21

Wêr't op in soad plakken it wettersportseizoen al wer in skoftsje geande is, is dat net it gefal op it Polderhoofdkanaal. Dêr waard freed it seizoen iepene en kinne boatsjes wer farre op it stik dat De Feanhoop nei Ulesprong mei-inoar ferbynt. It kanaal waard twa jier lyn iepene. Der wie in soad strideraasje oer it kanaal omdat it dwerstroch in natuergebiet rint. Dêrom waard ôfpraat dat it kanaal doe't it yn 2015 iepen gie foar it farferkear allinnich tusken 1 july en 15 septimber iepen is foar de rekreaasjefeart.

"It kostet omset"

"Wy witte dat de natuer de romte krije moat, mar it kostet ús wol omset. It is sa as it is. Gasten freegje der faak wol nei, dy begripe it net", sa seit Andries Tolsma fan restaurant it Polderhûs op De Feanhoop.

Moanitoaringskommisje

By de Schouwstraslûs yn Nij Beets waard troch wethâlder Rob Jonkman freed in byld ûntbleate mei in gedicht oer it gebiet, 'Tijd en Ruimte', fan Baukje Koolhaas. Njonken it byld waard ek in bankje yn gebrûk naam, om Henk de Glee te earen, de projektlieder fan de weriepening fan it kanaal. De gemeente Opsterlân fynt it spitich dat der argewaasje is oer de koarte iepeningstiid fan it kanaal, mar hopet op goed nijs fan de monitoaringskommisje.

Dy monitoaringskommisje is ynsteld troch de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân en advisearret om it farbelied fan 2015 ek yn 2016 troch te setten. Dat hat benammen te krijen mei de beskerme bistesoarten as bygelyks de streepte wetterrôfkrobbe. Foar takom jier moat de kommisje noch in advys útbringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)