Belutsen wethâlders roppe op ta rêst yn saak Caparis

01 jul 2016 - 17:56

De wethâlders fan de acht gemeenten dy't mei-inoar eigener binne fan Caparis roppe op ta rêst. Dat is de útkomst fan de gearkomste fan de saneamde Gemeenschappelijke Regeling freed. Yn in brief oan de gemeenterieden skriuwe de wethâlders dat se dêrnei op 1 septimber fierder sjogge hoe't it fierder gean moat. De bestjoerders wolle yn de tuskentiid dat de ynterim-direkteur Lincklaen Arriëns syn wurk dwaan kin. Se roppe alle belutsenen by de wurkfoarsjenningsorganisaasje op him dêr de romte foar te jaan.

Rjochtsaken

De ûndernimmingsried fan Caparis wol lykwols in koart pleit oanspanne tsjin de ried fan kommissarisen (rfk), om't se net om advys frege is by de beneamingsproseduere fan de ynterim-direkteur. Dat soe al de fiifde rjochtsaak wurde yn trije moannen tiid by Caparis.

Twaspjalt

Earder fan 'e wike ûntstie der twaspalt tusken de acht gemeenten, dy't mei-inoar oandielhâlder fan Caparis binne. Smellingerlân en Hearrenfean ha it betrouwen yn de ried fan kommissarissen opsein. Se fine dat de leden fan de rfk net mear foar ferbining soargje kinne. De oare seis gemeenten hâlde wol it betrouwen yn de rfk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)