Boargemaster Eric ter Keurs nimt ôfskied

01 jul 2016 - 17:05

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel kinne op dit stuit ôfskied nimme fan boargemaster Eric ter Keurs. Tusken 16:00 en 18:00 oere freedtemiddei hâldt de boargemaster in resepsje yn Earnewâld.

Fan 1 septimber ôf hâldt er der offisjeel mei op. It amt fan boargemaster hâldt him dei en nacht dwaande, seit er, en dêr is er nei tolve jier wol klear mei. Ter Keurs is sûnt 2011 boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Dêrfoar wie er boargemaster fan Ljouwerteradiel en wethâlder fan Slochteren.

Beakens fersette

"Mijn privésituatie is het afgelopen jaar veranderd en vraagt om een nieuwe balans tussen werk en gezinsleven", sei de boargemaster earder. "Daarnaast vind ik het na twaalf jaar burgemeesterschap ook tijd om bakens te verzetten. Ik wil graag een aantal jaren aan de slag in een functie buiten het openbaar bestuur. De start van het nieuwe politieke jaar is voor mij een logisch moment om het burgemeesterschap neer te leggen en de Kroon te verzoeken mij per 1 september 2016 ontslag te verlenen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)