Itens-app foar âlderein ûntwikkele

In nije Fryske app foar op de telefoan, de tablet en de kompjûter moat der foar soargje dat de âlderein wer better iten en drinken giet. Mei dy app yn de hân kinne helpferlieners it ytpatroan fan de âlderen yn de gaten hâlde en sa nedich bystjoere. It moat foarkomme dat der yn de takomst in soad minsken yn it sikehûs bedarje.
Op it stuit yt tusken de 15 en 30 persint fan de âlderein dy't thús wennet net genôch. Neffens saakkundigen is dy groep groeiende.
De app, dy't dat no foarkomme moat, is ûntwikkele troch studinten fan de NHL, it Radboud UMC en Lable. Tongersdei waard de nije App presintearre op in sympoasium yn Ljouwert.