Autocross yn Kollum wurdt ferskood

Autocross yn Kollum © Meindert Acda, RaRaRacing.nl
De autocross sneon yn Kollum giet net troch. It terrein is te wiet, troch de protte rein fan de ôfrûne dagen. Ek moarn wurdt der wer in soad reinwetter en selfs tonger foarsein, seit de organisaasje.
It folsleine wedstrydprogramma wurdt ferskood nei 6 augustus. Ek de wedstriid fan de FAC yn Blauhús en it dragracen yn Drachten binne skrast fanwegen it minne waar.