Stichting hat soargen oer wolwêzen prostituees yn Ljouwert

De Weaze yn Ljouwert
De stichting Ridders fan de Weaze slacht by de gemeente Ljouwert alarm oer misstannen op de Weaze yn de stêd. Dizze kristlike beweging fan minsken dy't har ynsette foar prostituees, makket him grutte soargen oer it wolwêzen fan de froulju. De Ridders fan de Weaze wol fan de gemeente witte wat dy docht om de omstannichheden te ferbetterjen. Neffens de stichting hawwe de measte prostituees gjin syktekostefersekering.
Se kieze somtiden foar ûnfeilige seks, om mear klanten te krijen, sizze de Ridders fan de Weaze. Dêrneist sizze sy dat der de lêste tiid in soad tige jonge manlju omrinne op de Weaze, mooglik jonges ûnder de 16 jier. De stichting wol witte wat de gemeente docht om dit foar te kommen.