Benefytkonsert Live4Life ferpleatst nei Trebol yn Harns

© Live4Life
It benefytkonsert Live4Life freedtejûn yn Harns, is fanwegen de rein ferpleatst nei binnen. It konsert soe hâlden wurde op it Havenplein, mar wurdt no ferpleatst nei sealesintrum Trebol. Fan sân oere ôf trede der fjirtjin artysten op, wêrûnder de band New Land en de Slaanderij Fan Harlingen.
De opbringst fan it benefytkonsert giet dit jier nei it Ronald McDonald Hûs yn Ljouwert.