Kazemattemuseum ferrommet iepeningstiden yn simmerperioade

01 jul 2016 - 09:56

It Kazemattemuseum by Koarnwertersân is yn july en augustus langer iepen. Fan tiisdei oant en mei sneon is it museum iepen fan tsien oant fiif oere, op snein middeis fan ien oant fiif. Op moandei is it museum ticht. Nei de simmer wurdt besletten oft de rommere iepeningstiden yn it nije seizoen trochset wurde. Der binne dan wol mear frijwilligers nedich.

Troch langer iepen te wêzen wol it Kazemattemuseum de minsken dy't op 'e bonnefoai delkomme, better fan tsjinst wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)