Kollum: ''Poetshelp''

01 jul 2016 - 08:47
  • De Toan fan Nynke Sietsma

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

''Oait, sa'n hûndert jier lyn, wurke ik as poetshelp yn de thússoarch. Ik die dat neist myn stúdzje sjoernalistyk yn Swolle. Ik ha noch nea sa folle leart as yn dy tiid. Oer minsken dan. Fan it poetswurk kin ik noch hieltyd neat. Dat is in fak apart. Meastentiids kaam ik by minsken thús, sa no en dan yn in âldereintehûs.

Der wienen leave beppen, lilke beppen mei sa'n soere lûk om 'e mûle, froulju dy't werstelden fan in sykte, en sa no en dan in man allinne. Sa wie der it lilke froutsje dy't al lilk op my wie foardat se my sjoen hie. Prestearre ik it ek noch om de wask op te hingjen sûnder knipers. Poer wie se. Dus moast it opnij. Se foetere der oer. Mar meastentiids wienen it leave froutsjes dy't klear sieten mei de kofje en nocht hienen oan in praatsje. Koe ik moai myn ynterview-skills oefenje. En oarsom woene se alles fan my witte.

Fan guon minsken frege ik my wolris oft se de soarch wol nedich hienen, sa blinkende skjin wie it yn 'e hûs, mar dat wie net oan my. Fan oaren begrutte it my just dat se net mear help krigen. Sa as de mem mei MS mei har soantsje fan sân jier. Se koe hieltyd minder en wenne allinne mei har soan. It hûs wie der ek echt smoarch. Sa smoarch as it wurde kin yn in húshâlden mei bern. Ik koe de hiele keet mar kwealik poetse yn de trije oerkes.

Ik krige ek wat adreskes yn Kampen. Dizze Hanzestêd wie in wûnderlike wrâld, fanwegen de bysûndere befolkingsgearstalling. Er wie in heech oantal swier leauwigen, finer as fyn. Sneins seach ik se nei it tsjerke rinnen yn swarte hoazzen en mei huodsjes op. Dertrochhinne dwarrelen studinten fan de keunstakademy en de teologyske universiteit. En eartiids skarrelen der dan ek noch fan dy wiisnoazen fan in sjoernalistiekstudinten trochhinne. In moaie miks.

Ik kaam ek by ien fan it bytsje mannen wat ik as kliïnt krige. It wie in frijmakke dûmny. Wy rekken yn petear oer jongeren dy't hieltyd minder yn it tsjerke te finen wienen en ik sei dat it miskien wol ris tiid waard foar wat modernere muzyk dan de swiere psalmen en oargelklanken. Dat wie grif ferkeard. Ik mocht gelokkich noch wol werom komme mar hy wie wol wat teloarsteld yn myn moderne ideeën. Sa learde ik: je moatte de gefoelige plakjes earst goed oanfiele foardat je er wat oer sizze.

En dan wie der noch de âld-apteker yn it âldereintehûs dy't as man allinne tusken de froulju siet. De wyfkes mar keakelje en hy wie de iennige dy't in karriêre efter de rêch hie. Mei wa moast hy no prate.

Hjoed krij ik myn eigen, troch mysels, betelle poets-thússoarch. En no binne de rollen omdraaid. No sit ik klear foar in praatsje. Of it is eins mear dat ik alles fan har witte wol. Se docht it poetsen der in bytsje by, fertelde se, fanwege de fleksibele tiden. Har soan Zizou is neamd nei fuotballer Zinedine Zidane. Se wie polityk aktyf yn in lân yn it Midden-Easten. Se mei dat lân no net mear yn.

Us polityk aktiviste is lekker bazich en hat my al nei de winkel stjoerd foar spesjaal poetsguod. Se sei dat it net te skjin wêze mei yn 'e hûs, want dan hat se neat te dwaan. Wat in dreamfrou. Miskien is it te moai om wier te wêzen. Mar ik sit strieljend klear mei de kofje.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)