Problemen by Caparis sette bestjoerlike ferhâldings op skerp

De problemen by it bedriuw Caparis soargje no ek foar spanningen yn bestjoerlik Fryslân. Freed prate de acht gemeenten dy't mei-inoar yn Caparis sitte oer de werstrukturearring fan it bedriuw. Dat is hurd nedich, want fan dy werstrukturearring is troch alle problemen en rjochtsaken noch net folle op 'e hispel kaam.
Twaspjalt
Probleem hjirby is dat der twaspjalt is yn de groep fan acht gemeenten. Omdat Hearrenfean en Smellingerlân earder dizze wike it betrouwen yn de ried fan kommissarissen opsein hawwe binne dy twa gemeenten freedtemoarn net wolkom by in besletten foaroerlis fan de seis oare Caparis-gemeenten. Pas freedtemiddei meie Smellingerlân en Hearrenfean wol meiprate. Wethâlder Coby van der Laan fan Hearrenfean rekkenet likegoed op in konstruktyf oerlis.
Ekstra kommisjegearkomste
De gemeenteried fan Hearrenfean stiet fjouwerkant achter it beslút fan b. en w. om it betrouwen yn de ried fan kommissarissen op te sizzen. Dat waard tongersdeitejûn dúdlik op in ekstra kommisjegearkomste mei Caparis as iennichste agindapunt. De riedsleden op It Hearrenfean fine it lestich te begripen wêrom't njonken Hearrenfean en Smellingerlân net mear gemeenten dat foarbyld folgje.
Wethâlder Jelle Zoetendal sei op de gearkomste dat wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert net mear út namme fan Hearrenfean praat as er it wurd fiert út namme fan alle oandielhâlders, omdat Hearrenfean en Ljouwert te ferskillend tinke oer de posysje fan de ried fan kommissarissen. Earder hiene de oandielhâlders krekt besletten om ien wurdfierder oan te wizen, en dat wie Sjoerd Feitsma, mar dat stânpunt is no ferlitten.